DE makket minder kofje

09 mrt 2009 - 14:45

Kofjebrâner Douwe Egberts fan De Jouwer produsearret minder kofje. De kommende seis wike wurdt de produksje fan oploskofje stillein. Dat kostet 41 útstjoerkrêften har baan. Ek wurdt op de ferpakkingsôfdieling ien fan de trije ploegen skrast.

Douwe_Egberts nimt de maatregels om´t de fraach nei kofje út Ruslân bot ôfnaam is. It bedriuw hie krekt ferwachte dat de fraach dêr tanimme soe en hie dêr flink op ynvestearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)