Trouwe op Lemster aak

09 mrt 2009 - 13:45

De earste oanfraach foar in alternative troulokaasje yn Wymbritseradiel is goedkard. It oanbelangjende pearke sil syn houlik ynkoarten op in Lemster aak slute.

Hieltyd mear steltsjes ha de winsk om op in bysûnder plak har houlik te sluten of it partnerskip te registrearjen. Gemeenten kinne net samar alle plakken as troulokaasje oanwize. Der binne in tal betingsten. Sa moatte de iepenbierens, feiligens en tagonklikens garandearre wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)