Skûtsjes net mear ferbouwe

09 mrt 2009 - 13:28

De SKS-skûtsjes meie oant 2010 net ferboud wurde. De SKS hat dêr in brief oer stjoerd oan alle skûtsjeskippers. Oare jier giet in nije wedstrydformule by it skûtsjesilen yn en dêrom meie de skûtsjes no net mear oanpast wurde.

De nije formule hâldt yn dat de seilen oanpast wurde om de skûtsjes lykweardiger oan elkoar te meitsjen. It Jouster skûtsje wurdt op dit stuit wól ferboud. Dat wie lykwols ein 2008 al oanfrege. De SKS hat dêr doe ek tastimming foar jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)