Net mei trein nei haven Harns

09 mrt 2009 - 12:07
  • It spoar nei de haven is ôfsletten

Reizgers kinne it kommende oardel jier net mear mei de trein fan stasjon Harns nei de haven. Mei de bus binne se 10 minuten langer ûnderweis. It spoar wurdt sloopt omdat Harns in nije wetterkearing krijt. De âlde kearing foldocht net mear oan de easken en moat fan 5 nei 6 meter hichte om foar te kommen dat de boel ûnderstrûpt.

Begjin 2010 wurdt begûn mei de bou fan in nij spoar en perron. Dy komme binnendyks te lizzen. Fan july 2010 ôf moatte de treinen dan wer ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)