Klachten oer spesjaal ferfier

09 mrt 2009 - 11:35

Zorgbelang Fryslân krijt in soad sinjalen dat ûnder oaren de feilichheid, wachttiden en gedrach fan sjauffeurs by it ferfieren fan minsken mei in beheining net yn oarder is. Ek wurdt net altyd rekken hâlden mei romte foar bygelyks in rolstoel as dêr wol om frege wurdt.

Om de klachten ûnder de oandacht te bringen by de ferantwurdlike ferfierders en beliedsmakkers wurde de klachten sammele. Elk kin syn klacht kwyt yn de meldwike fan 23 maart ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)