Bewenner foarkomt ynbraak

09 mrt 2009 - 10:19

In 58-jierrige man út Donkerbroek hat snein foarkomme kind dat der yn syn hûs oan de Vaart Westzijde ynbrutsen is. Hy lei op bêd tillevyzje te sjen, doe't der ynienen in man yn 'e hûs kaam. De Donkerbroekster stapte dalik op de man ôf en pakte him beet.

De ynbrekker sei dat er gjin kweade bedoelings hie en skuorde him los. Hy draafde nei ûnderen en stuts de N381 oer. Hy sprong de Opsterlandsche Compagnonsfeart yn en koe sa ûntsnappe. Der is neat stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)