Friezin krijt Joke Smit-priis

Jolanda Holwerda
Jolanda Holwerda fan It Hearrenfean hat snein yn Den Haach út hannen fan minister Plasterk fan Emansipaasje de Joke Smit-priis krigen. De priis fan 10.000 euro wurdt elke twa jier takend oan in persoan of groep dy't him ynset foar de frouwe-emansipaasje.
Jolanda Holwerda is haadredakteur fan Lof-magazine, in blêd foar wurkjende memmen. Se krige de priis foar inisjativen rjochte op wurkjende memmen en 'manlju mei lef'. De priis is neamd nei feministe Joke Smit.