Snits Wyt Swart spilet lyk

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat op it eigen fjild mei 1-1 lyk spile tsjin Lienden. Yn de 23e minút fan de earste helte wie it Age Hains Boersma dy't de Snitsers op in 1-0 foarsprong sette.
Fia in frije trap fan Jeroen van der Kerkhof kaam Lienden op 1-1. Snits kaam yn de twadde helte flink ûnder druk te stean. Lienden wie de bettere ploech en krige ek wol kânsen, mar der waard net mear skoard.