Herre Zonderland nei EK

Herre Zonderland (foto: Martin de Jong)
Turner Herre Zonderland fan De Lemmer hat him yn Hellendoorn kwalifisearre foar it Europeesk kampioenskip turnjen. Zonderland hie him yn de earste wedstriid al kwalifisearre foar de sprong en it rek.
Dêr moast noch ien ûnderdiel by en dat waard de brêge. De limyt wie 14.000. Herre turnde 14.050 en dat wie genôch foar dielname oan it EK. Syn broer Epke hie him al pleatst foar it kampioenskip. It EK wurdt holden fan 2 oant en mei 5 april yn Milaan, Itaalje.