Weening tred yn Ronde Murcia

08 mrt 2009 - 15:29
  • Pieter Weening (argyffoto)

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is yn it einklassemint fan de Ronde fan Murcia (Spanje) as tredde einige. Yn de fyfde en lêste etappe kaam Weening snein as trettjinde oer de streek.

De etappe waard wûn troch in ploechmaat fan Pieter Weening, de Australyske Graeme Brown. Winner fan de Ronde fan Murcia waard de kopman fan it Rabobank Pro-team, Denis Menchov.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)