Nij festival yn Romein

08 mrt 2009 - 14:10
  • Poppoadium Romein yn Ljouwert

Yn gearwurking mei it gitaarynstitút Fryslân, de Ljouwerter akademy foar popkultuer, poppoadium Romein en Frysk popnet is in festival foar twa dagen mei de namme 'Strings' opset.

Dit festival wurdt holden op 5 en 6 juny yn poppoadium Romein. It festival stiet yn it teken fan de 'snaren'. De ynstek fan Strings is om studinten fan Nederlânske muzykpopskoallen by inoar komme te litten om fan inoar te learen en tegearre te spyljen. Jan Akkerman en Richard Smith sille optrede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)