'Rekkens rapper betelje'

© Omrop Fryslân
Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW is bot teloarsteld yn 27 Fryske gemeenten. De organisaasje hie alle Fryske gemeenten oproppen om rapper har rekkens te beteljen. Allinnich Ljouwert, Menameradiel, Wûnseradiel en Kollumerlân gongen hjirmei akkoart.
Ek de provinsje hat tasein. Reden foar de aksje is dat ûndernimmers faak te lang op har jild wachtsje moatte, mei as gefolch dat se sels net ynvestearje kinne. Yn Drinte en Grinslân reagearren mar fjouwer gemeenten.