Jonkje (7) troch dak sakke

08 mrt 2009 - 13:16

In jonkje fan sân jier út Bontebok is sneon mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs fan Grins. De jonge wie middeis mei in pear bern it dak fan de stâl opklommen.

Hy sakke troch in dakplaat en foel seis meter nei ûnderen ta. Minsken fan de ambulânse en it traumateam ha de jonge stabilisearre. Dêrnei is er mei de helikopter oerbrocht nei it sikehûs, dêr't er fierder behannele is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)