Snits begjint mei kap beammen

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits set nei dit wykein út ein mei de kap fan goed 50 plantanen oan de Ljouwerterdyk. De byldbepalende beammen binne net sûn mear en se soene net genôch romte ha om te groeien.
Se wurde dêrom yn oktober ferfongen troch nije beammen. De mearderheid fan de bewenners hat foar it plan stimd yn in enkête, mar wol mei pine yn it hert. De beammen stean der al hast 30 jier en hearre neffens de bewenners foar it gefoel by de Ljouwerterdyk.