Nije bestrjitting yn Grou

It sintrum fan Grou
De Haadstrjitte yn Grou krijt in nije bestrjitting. Dy bestiet út stiennen yn donkere kleuren en bankjes mei in nautyske útstrieling. De gemeente hat dêrfoar keazen yn oerlis mei de bewenners en ûndernimmers fan de strjitte.
Doel is dat dy ûndernimmers har reklamebuorden tenei oanpasse oan de styl fan de strjitte. It wurk oan de Haadstrjitte begjint yn de earste wike fan april. Doel is dat it yn it earste wykein fan maaie klear is.