IFKS mooglik by wettersportbûn
Skippers fan de IFKS binne benaud dat de sylklasse har identiteit ferlieze sil. It IFKS-bestjoer wol lid wurde fan it Nederlânsk wettersportbûn, om't se dan fan de fasiliteiten fan it bûn gebrûk meitsje kinne.
De IFKS hat no ek al skiedsrjochters fan it bûn, mar offisjeel mei dat net sûnder lidmaatskip. Sneon wie der in spesjale gearkomste om de skippers te ynformearjen. Binnen twa moanne sil it bestjoer in beslút nimme oft se lid fan it wettersportbûn wurde.