Pokerje op Waddentoernoai

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan it Waddentoernoai op It Amelân wol dit jier ek pokerje as ek de oare Waadeilannen dêr belangstelling foar hawwe. It Waddentoernoai is in sporttoernoai wêryn't alle Waadeilannen it tsjin elkoar opnimme.
It toernoai wurdt alle jierren op in oar eilân holden. Dit jier is It Amelân oan bar. Der binne ûnder oare fuotbal- en foljebalwedstriden. As der pokere wurdt, giet it om de punten. Der wurdt dus net om jild spile.