Beammepriis foar Boalsert

08 mrt 2009 - 11:28

De gemeente Boalsert hat de twadde priis krigen foar de CO2 Beammepriis 2008. It giet om in dield twadde plak, mei de gemeente Uden. By de lêste beamfeestdei plante Boalsert ûnder oare hûndert bjirken, trijehûndert wylgen, trijehûndert swarte elzen en twahûndert fynsparren.

Milieu Centraal en Boomfeestdag berekkenen hoefolle CO2 de beammen fêst lizze sille. De opbringst waard dield troch it oantal ynwenners. Dat wie it kritearium om de priis te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)