Aris wint fan Rotterdam

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland koene sneontejûn dochs wer ris in oerwinning byskriuwe. Rotterdam waard yn sporthal It Kealledykje mei 93-87 ferslein. Yn it earste kwart makke de thúsploech it ferskil: 31-17. Dêrnei gong it minder, mar de oerwinning fan de Ljouwerters kaam net yn gefaar.
Matt Bauscher wie wer ris de tûkste Aris-skutter: 26 punten. Keith Spencer en Jayme Miller folgen mei 16 punten. Aris bliuwt tsiende mei 20 punten út 32 wedstriden.