Baanrekord Sven Kramer op 5 km

08 mrt 2009 - 01:12

Sven Kramer hat op de 5000 meter by de wrâldbekerfinale yn Salt Lake City it baanrekord fan Enrico Fabris ôfpakt. Kramer wûn yn 6.06,64 en dat wie krapoan in tel rapper as de Italjaan die yn novimber 2007. Kramer, dy't der hurd foar wurkje moast, waard ek einwinner fan it einklassemint oer de lange ôfstannen.

Thijsje Oenema ried in persoanlik rekord op de 500 meter: 38,23, Sjoerd de Vries op de 1000 meter: 1.08,61 en Elma de Vries op de 1500 meter: 1.55,94.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)