Pieter Weening 10e yn Murcia

07 mrt 2009 - 17:58

Hurdfytser Pieter Weening is yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Murcia (Spanje) as tsiende einige. Weening siet yn dizze 'keninginnerit' yn in kopgroep fan tsien man en luts de sprint oan foar syn kopman Denis Menchov.

Menchov waard tredde en stiet no boppe-oan yn algemien klassemint. Pieter Weening stiet tredde yn it algemien klassemint mei 35 sekonden efterstân op syn kopman. Snein is de lêste etappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)