Harkemase Boys winne

07 mrt 2009 - 16:36

Koprinner fan de sneonshaadklasse Harkemase Boys hat mei 3-0 wûn fan Go Ahead Kampen. It wie op sportpark De Bosk in aardige wedstriid. Ronald van der Heijden iepene de skoare yn de earste helte en soarge foar de 1-0.

Martijn Barto en Erdem Yeni makken de twadde en tredde goal. De Harekiten stean boppe-oan mei 38 punten út sechtjin wedstriden. HHC Hardenberg is twadde mei 35 út 17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)