Wurk oan A32 by Grou

Wurk oan 'e dyk by Grou
De A32 by Grou is sneon fan 18.00 oere ôf wer folslein iepen foar ferkear. Yn ferbân mei freeswurksumheden is de hiele dei oan de dyk wurke. Troch de froastperioade rekke de boppeste laach fan it asfalt stikken en kamen der gatten yn de dyk. Rykswettersteat hat de boppeste laach derôf helle, sadat minsken trochride kinne. Dat moat wol mei in maksimumsnelheid fan 90 km yn 'e oere. Wannear't it nije asfalt oanlein wurdt, is noch net bekend.