Syb sjongt Sonneveld-ferskes

Syb van der Ploeg komt mei in teaterprogramma mei ferskes fan Wim Sonneveld. It programma, 'Sonneveld voor altijd', giet yn novimber yn premjêre. Neist Syb van der Ploeg wurdt der oan meidien troch aktrise Trudy Labij en in tal musical-stjerren.
AVRO-presintator Frits Sissing sil de ferbinende teksten sprekke. Yn it programma wurde fierder gjin konferinsjes fan Sonneveld brocht. De rezjy is yn hannen fan Eddy Habbema.