Tsjûgen mishanneling socht

07 mrt 2009 - 13:13

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling fan in frou út Drachten. It slachtoffer waard ôfrûne moandei middeis om healwei trijen yn winkelsintrum De Wiken ynienen oanfallen troch in man.

De man smiet de frou op 'e grûn en skopte har in tal kearen. De identiteit fan de dieder is bekend, mar de plysje wol ek graach tsjûgen hearre yn dizze mishannelingssaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)