Man rydt mei auto tsjin kanon

© Omrop Fryslân
Oan de Sparrewei yn Kollumersweach is in 25-jierrige man fan Twizel freedtejûn mei syn auto yn de tún tsjin in kanon oan bedarre. De man hie de macht oer it stjoer ferlern en fleach dêrtroch út de bocht.
Hy rekke earst ek noch in elektrisiteitskast en dêrtroch siet de hiele strjitte sûnder televyzje. In blaastest wiisde út dat der drank yn it spul wie. Hy krige in rydferbod fan seis oeren en in bekeuring.