Twa kear brân op It Fean
Op It Hearrenfean hat op twa dagen brân west yn de berging ûnder in flat oan it Akkersplein. De brân koe beide kearen gau útmakke wurde, mar soarge wol foar in soad reekûntwikkeling.
De brânwacht het mei grutte fentilators de bergings skjin blaasd. De plysje docht ûndersyk nei de brânstifting.