Blokhúspoarte wurdt spoekhûs
De Blokhúspoarte yn Ljouwert wurdt de kommende dagen omboud ta spoekhûs. De âlde finzenis wurdt it dekôr fan in inge foarstelling fan studinten fan it Friesland College.
Fan 17 maart ôf meitsje sy ûnder de namme 'House of Elements' in stik mei dûns, teater en fansels de inge ferhalen fan de finzenis sels. Neffens regisseur Martijn van Hese hat it gebou fan himsels al in aaklike sfear en sil der mei ljocht en lûd noch mear spanning fielber wêze.