Davis passearret Sven Kramer

07 mrt 2009 - 09:07
  • Sven moat knalle op de 5000 meter om wer 1e te wurden op de Adelaarskalender (foto Martin de Jong)

Sven Kramer is syn earste plak op de Adelaarskalender kwytrekke oan Shani Davis. Shani Davis ried freed by de wereldbekerfinales yn Salt Lake City in persoanlik rekord op de 500 meter en in wrâldrekord op de 1500 meter. Mei dizze resultaten hat er Sven Kramer no fan de troan fan de Adelaarskalender stjitten.

Kramer krijt sneon de kâns om syn earste plak werom te krijen. Hy moat dan op de 5000 meter in nij wrâldrekord ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)