SC Cambuur wint krekt fan RBC

06 mrt 2009 - 23:15
  • Trainer Stanley Menzo

Sportklup_Cambuur hat freedtejûn krekt mei 2-1 wûn fan RBC Roosendaal. Yn it eigen stadion kamen de Ljouwerters nei tsien minuten op achterstân troch in prachtich skot fan Mels van Driel. Dêrnei kaam Cambuur better yn de wedstriid en makke Koen_Brack de 1-1.

Yn de twadde helte krige Van Driel direkt read nei in oertreding op Paul Beekmans. Mei in man mear hie Cambuur it dreech, mar âld RBC-spiler Danny_Guijt soarge mei in skitterende knal foar de 2-1 einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)