Problemen Raadhuisplein foarby

06 mrt 2009 - 21:23

De problemen mei parkearde auto's op it Raadhuisplein yn Drachten binne oplost. Fan auto's op it plein giene spontaan de ruten iepen, oaren woene net op slot. It Agentschap Telecom hat útfûn dat dat fersoarsake waard troch in stikkene omropynstallaasje fan supermerk Albert Heijn oan it plein.

De ynstallaasje koe net mear brûkt wurde, mar stjoerde wol in steurend sinjaal út dat effekt hie op de auto's. It apparaat is yntusken fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)