Showroom mei inkeld Mini's

de Mini wurdt noch wol ferkocht
Op It Hearrenfean komt as earste yn Nederlân in showroom mei inkeld Mini's. It gebou dêr't dizze lytse auto's komme, wurdt boud op it terrein fan BMW-dealer De Beier. Oant no ta stiene de populêre auto's tusken de oare merken yn.
Nettsjinsteande de minne autoferkeapen wurdt de Mini wol ferkocht. Mei dizze stap hopet it bedriuw de ferkeapsifers fêst te hâlden. Yn april is de iepening.