Earste ljipaai dochs net fûn

dochs gjin earste ljipaai fûn (argyffoto)
It earste ljipaai fan Nederlân is noch net fûn. Freedtemoarn melde Omrop Seelân dat Adriaan Jansen fan Yerseke in broedsje fûn hie yn natuergebiet Yerseke Moer op Súd-Bevelân. Mar de fynst kin net befestige wurde.
De lanlik koördinator fan de greidefûgelbeskerming út Utrecht is ôfreizge nei Seelân om nei de aaien te sykjen. Mar hy en de melder koene se net mear fine. Jansen bliuwt wol by syn ferhaal dat er it broedsje tongersdei sjoen hat.