Harns praat woansdei oer N31

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Harns wurdt woansdei bypraat oer de N31. Harns wol it lêste stik fan de sneldyk oanpakke. Om't noch oer de ferdûbeling ûnderhannele wurdt, wolle boargemaster en wethâlders achter sletten doarren fergaderje. De gemeenterie nimt dêr oan it begjin fan de gearkomste in beslút oer.
Yn de plannen fan Harns stiet ûnder oare dat der in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal trochkomme moat.