Garaazjes ek lêst fan krisis

06 mrt 2009 - 13:45

Guon autobedriuwen sjogge neat yn it plan fan de Bovag foar in skroatpreemje. De maatregel soe in oplossing wêze kinne foar de malêze yn de hannel. Mei de sloopregeling krije konsuminten in koarting fan goed 1500 euro op in nije, enerzjysunige auto as se har tsien jier âlde auto ynruilje.

Troch de kredytkrisis wurde yn Nederlân kwealik auto's mear ferkocht. Yn de wurkpleatsen is it wol drok, want minsken ride langer yn har âlde auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)