Gemeenten meitsje wetterplan

06 mrt 2009 - 13:34

Achtkarspelen, Dantumadiel en Kollumerlân ha yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân in wetterplan opsteld. Dit plan is in ynstrumint om it wettersysteem yn de gemeenten op oarder te krijen en te hâlden.

It giet om feiligens, skjin wetter en de suvering fan wetter. It wetterplan set foaral yn op de wetlike taken en in goede wetterkwaliteit fan it oerflaktewetter. Ek moat it belibjen fan wetter by de boarger ferbettere wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)