Muzikale middei foar bern

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan Boarnsterhim hat seishûndert euro beskikber steld foar in muzikale middei foar bern út Wergea en omjouwing.
De middei is sneon 14 maart yn basisskoalle De Twamaster yn Wergea. Under de titel 'Gewoon doen' krije learlingen fan basisskoallen de mooglikheid om muzykynstruminten út te probearjen. Ek sille jonge muzikanten optrede. Utgongspunt fan de muzikale middei is om bern yn de kunde te bringen mei muzyk.