Oerlêst fan roeken op kamping

De roeken soargje foar oerlêst
De kamping yn Westergeast hat in protte oerlêst fan roeken. De fûgels bouwe har nêsten yn de beammen, se meitsje in soad leven en se skite út en troch de hiele kamping ûnder.
De gemeente Kollumerlân hat ûndersyk dien, mar kin der neat oan dwaan. Der is gjin oar plak foar de fûgels en in ferpleatsing soe ek te djoer wurde. Ferjeie mei net, want roeken binne beskerme neffens de flora- en faunawet.