'Plysjeburo Bûtenpost hâlde'

Polityk wol plysjeburo Bûtenpost hâlde
De riedsfraksjes yn Achtkarspelen fine unanym dat it plysjeburo yn Bûtenpost bliuwe moat. Dat die tongersdei bliken by de riedsgearkomste. De plysje yn Fryslân moat besunigje en dêrby soe ûnder oare it plysjeburo yn Bûtenpost ferdwine.
Boargemaster Van_der_Zwan liet witte dat er him fine kin yn de ûngerêstheid fan de riedsleden, mar hy wol der pas fierder op yngean as de sluting fan it buro yn Bûtenpost ek echt oan de oarder is.