Prate oer eintiid feesten

© Omrop Fryslân
Feesten yn Achtkarspelen moatte troch de wike om 23.00 oere jûns dien wêze. FNP, Gemeentebelangen Achtkarspelen en de PvdA binne it der net mei iens. Se wolle dat it 00.00 oere wurdt. It útstel om yn de wykeinen in eintiid fan 01.30 oere te hanthavenjen kaam wol troch de riedsgearkomste.
Boargemaster Van der Zwan sjocht noch nei de eintiid fan feesten troch de wike. Der moat noch oerlein wurde mei Kollumerlân, Dantumadiel en Dongeradiel om ta ien belied te kommen.