Jild is op by Het Friese Land

Fuortbestean Het Friese Land is yn gefaar
It fuortbestean fan thússoarch ynstelling Het Friese Land is yn gefaar. It jild is op en as de organisaasje net gau beslút ta gearwurking of in fúzje, dan is it yn in pear moannen dien mei Het Friese Land. Dat seit it fakbûn Abvakabo FNV.
By it Friese Land wurkje goed 1800 minsken plus noch 1600 alpha-meiwurkers. De thússoarchynstelling is yn de problemen rekke om't de reorganisaasje net neffens ferwachting rint.