Beker: Volendam-Hearrenfean

05 mrt 2009 - 23:34

Sportklup Hearrenfean moat it yn de heale finale fan de KNVB beker opnimme tsjin Volendam. De wedstriid wurdt nei alle gedachten op woansdei 22 april spile op it keunstgers yn it fiskersdoarp. Dat wie de útkomst fan de lotting nei ôfrin fan de wedstriid tusken AZ en NAC Breda. NAC Breda wûn ferrassend yn Alkmaar mei 2-1 fan AZ. Volendam wûn nei ferlinging yn Kerkrade fan Roda JC mei 3-2.

De oare heale finale giet tusken FC Twente en NAC Breda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)