2015: nijbou enerzjyneutraal

05 mrt 2009 - 21:30

Fan takom jier ôf moatte nije huzen yn it noarden enerzjysuniger boud wurde as op oare plakken yn Nederlân. Dat is it gefolch fan it belied fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Dy hawwe meielkoar ôfpraat dat nije huzen minder enerzjy ferbrûke meie, yn 2015 moatte se sels enerzjyneutraal wêze.

It noarden hat fan minister Cramer fan Miljeu tastimming krigen foar it strangere belied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)