Brêge by Burgum opknapt

© Omrop Fryslân
De provinsje ferfangt dizze simmer noch foar 150.000 euro it houten tek fan de brêge oer it PM-kanaal by Burgum. Dat gebeurt nettsjinsteande de plannen foar in alhiel nije brêge, neidat der in akwadukt ûnder it kanaal lein is, foar de Sintrale As.
Neffens de provinsje kin dêr net op wachte wurde. De brêge is der no sa min oan ta dat de kâns op ûnferwachte stremmings tanimt. En dat risiko is te grut foar in ferbining fan twa hiele wichtige ferkearsstreamen.