Skylge docht mei oan LifeLines

© Omrop Fryslân
Skylgers kinne sûnt fan 'e wike meidwaan oan it grutte ûndersyk nei de sûnens fan minsken yn Noard-Nederlân. Minsken dy't meiwurkje wolle, kinne terjochte by de húsdokterspraktyk fan Midslân.
It LifeLines-ûndersyk is opset troch it Universitair Medisch Centrum yn Grins. Dat hâldt fan 165.000 minsken út Noard-Nederlân tritich jier lang by hoe't it mei har sûnens giet. Doel is om út te finen hoe't minsken op in sûne manier âld wurde kinne.