Wurk oan brêge Heech

© Omrop Fryslân
Yn Heech is tongersdei begûn mei it meitsjen fan de stikkene brêge yn de rûnwei. De brêge rekke yn desimber fernield. Sûnt dy tiid wurdt dy net betsjinne foar it skipfeartferkear. Ek is de dyk op de hichte fan de brêge smeller makke.
De brêge giet moandei hielendal ticht foar auto's. It is noch altiten net dúdlik hoe't de brêge stikken rekke is. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.