Slachtoffer by ûngelok Wâldwei

05 mrt 2009 - 19:44
  • De auto rekke fan de dyk (foto: 112Nederland.nl)

By in auto-ûngelok op de Wâldwei by De Rottefalle is tongersdeitemiddei ien persoan ferwûne rekke. It ûngelok barde op de ôfrit Nijtap. De oarsaak is noch net bekend.

Yn de auto sieten trije minsken, twa fan har kamen mei de skrik frij, de tredde persoan rekke swier ferwûne. Dy is nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)