Ljouwert hâldt miljoenen oer

05 mrt 2009 - 18:13
  • Ljouwert hâldt jild oer

De gemeente Ljouwert hat ferline jier miljoenen mear oerhâlden as dêr't op rekkene wie. De gemeente kin 8,3 miljoen euro byskriuwe, wylst de gemeente derfan út gie dat dat in lytse twa miljoen wêze soe.

De belangrykste oarsaken fan it positive risseltaat binne ûnder oare fertragingen by ynvestearingen, de lege rintestân en in hegere bydrage fan it Ryk út it gemeentefûns. De gemeente besjocht letter dit jier wat mei de tafaller dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)