Fabryk nei Roemenië

de merk foar skeakelkasten is ynsakke
It Drachtster fabryk fan stielen skeakelkasten Eldon wol de produksjeôfdieling yn july ferhuzje nei Roemenië. Derby geane 77 fan de 119 banen ferlern. Neffens Eldon is de ferhuzing nedich fanwege de ekonomyske krisis. De ferkeap fan skeakelkasten is stagnearre. Yn Drachten bliuwt allinnich in ferkeapkantoar stean.
Fakbûn CNV is lulk oer de sluting. Neffens it bûn kin foar de wurknimmers ek wurktiidferkoarting oanfrege wurde.