Bou haven Nijetrine djoerder

Wethâlder Plekkenpol en deputearre De Vries
De bou fan in passantehaven njonken de Driewegsluis by Nijetrine kostet 60.000 euro's ekstra. Dat seit wethâlder Wim Plekkenpol fan Weststellingwerf. Tongersdei sette it wurk offisjeel útein. Yn de haven is plak foar sa 'n fjirtich boaten.
Op termyn komt der mooglik ek noch in lytsskalich bungalowpark by. De ekstra kosten binne it gefolch fan it feit dat der hiel lang beswier makke is tsjin de plannen.